Stedsk Muzykkorps Snits
It Keninklik Erkende Steds Muzykkorps fan Snits is in muzykferiening dy't yn oktober 1922 oprjochte is yn de stêd Snits. It is fuortkomd út it Muziekcorps der dienstdoende Schutterij dat destiids ek wol sa neamd waard. De measte stêden hienen earder wol in muzykkorps.
Trije orkesten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening hat in A-orkest dat ek faak oan konkoersen meidocht en dan yn de twadde difyzje spilet. On the Move is it opliedingsorkest, dêr't begjinnende spilers harren oplieding krije. Yn de blaasklasse wurdt les jûn oan bern dy't in ynstrunmint bespyljen leare.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it wurd 'steds' blykt dat it korps destiids mei organisaasje of finansiering in bân hie mei de stêd. Neidat op 2 july 1906 it 'Muziekcorps d.d. Skutterij' ophâlde te bestean, waard fanwege de gemeente Snits, it 'Sneeker Muziekcorps' oprjochte. In part fan it harmonykorps bestie út leden fan it 'Muzykcorps d.d. Skutterij'. Nei twa kear ûntbûn te wêzen waard it yn 1922 foar de tredde kear oprjochte. Yn datselde jier waarden de Kristlike Muzykferiening 'Harmonie (in harmonyorkest, letter nei 1928 oergien yn in fanfareorkest) en Arbeidersmuzykferiening 'Steun in den Strijd' (doe fanfare, nei 1938 harmonyorkest) oprjochte. It hjoeddeiske orkest waard troch Snitsers meast oantsjutten as 'ut Stedelijk', mar dat is offisjeel earst nei de oarloch ûntstien op 27 july 1945 nei in fúzje tusken it Sneeker Muziekcorps en Steun in den Strijd. Hoewol't de woartels fan de feriening folle âlder binne, is it jier fan oprjochting 1922 bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |