Springe nei ynhâld

Stedssilhûet

Ut Wikipedy
De stedssilhûet fan Frankfurt am Main yn Dútslân.

In stedssilhûet, meast bekend ûnder Ingelske term skyline, kin it best útlein wurde as it profyl fan in stêd mei oer it algemien hege bebouwing of oare stedske struktueren. It kin ek beskreaun wurde as de keunstmjittige hoarizon fan in stêd. Benammen wolkekliuwers en oare yn it each springende gebouwen binne in belangryk part fan in stedssilhûet. De stedssilhûet foarmet faak it skaaimerk fan in stêd.

Yn Nederlân is Rotterdam is meast ferneamd as it giet om de stedssilhûet fan in stêd. It is ien fan de wichtichste heechboustêden fan Jeropa. Oer de hiele wrâld hat Hongkong de measte heechbou, dêr steane 7.659 registrearre heechhûsen, dan New York City mei 5.571 en São Paulo mei 4.803 hege gebouwen (útsein telefyzjetuorren, stadions, tsjerken en moskeeën).

De Amearikaanske stêd Chicago wurdt wol sjoen as it berteplak fan de wolkekliuwer, omdat hjir yn 1885 mei de bou fan it Home Insurance Building it earste gebou mei staalskelet boud is. Chicago hat ek lange tiid it heechste gebou fan de wrâld hân mei de Willis Tower, foarhinne de Sears Tower, dat in hichte fan 442,3 meter hat.

De tuorren fan San Gimignano.

Ferneamd as it om de stedssilhûet fan in stêd giet is it Italjaanske doarp San Gimignano. Hjir bouden yn de 12e en 13e iuw de rykste famyljes hege tuorren om sjen te litten waard de rykste famylje wie. Op it hichtepunt stienen der sa’n 70 tuorren yn it doarpke. Tsjintwurdich binne der noch trettjin fan oer.

Yn de Jeropeeske midsiuwen foarmen stedsmuorren en tsjerketuorren de stedssilhûet fan plakken. Yn de rin fan de tiid, en mei it begjin fan de Yndustriële Revolúsje, feroare dat allegear. Yn stee fan tsjerketuorren waarden de fabriken, en benammen de hege skoarstiennen fan de fabriken de eachlûkers. Noch wer letter, mei de ûntwikling fan de radio en telefyzje, kamen de stjoermêsten fan radio en letter de telefyzje. In goed foarbyld hjirfan is de CN Toer yn Toronto, dat lang tiid it heechste gebou fan de wrâld west hat. In útsûndering hjirop is de Eiffeltoer, dat yn 1889 as keunstwurk foar de Wrâldtentoanstelling boud is en foar it 100-jierich bestean fan de Frânske Revolúsje.

Sa no en dan binne der ek oare gebouwen dy't de stedssilhûet foarmje. Bygelyks koeltuorren fan kearnsintrales, silo's en heechovens.

Sûnt it begjin fan de 20e iuw binne de wolkekliuwers yn opkomst. Benammen yn de Feriene Steaten binne in protte fan sokke gebouwen hinne set. De earste stêden dy’t ferneamd binne om harren wolkekliuwers binne New York en Chicago. Benammen de heechbou fan New York foarmet in grutte toeristenlûker foar de stêd.

Heechbou yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân hat allinnich Ljouwert in namme as it giet om de stedssilhûet. Yn Ljouwert steane inkele ferneamde gebouwen wêrûnder de Achmeatoer (115 meter) en de Averotoer (77 meter). De Achmeatoer is fuort ek it heechste gebou fan it noarden.

Ferneamd stedssilhûet stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It wrâldferneamde stedssilhûet fan New York
Hongkong
Rotterdam
Sydney
Chicago