Springe nei ynhâld

Stechlinmar

Ut Wikipedy
De Stechlin

De Stechlinmar, yn it Dútsk: Stechlinsee, Großer Stechlinsee of Stechlin, is in mar yn Landkreis Oberhavel, Brandenburch, Dútslân. De mar leit op in hichte fan 60 m, it oerflak is 4.52 km². De lânseigen fiskesoarte Coregonus fontanae, in dwerchsoarte houting (Dútsk: Stechlin- of Fontanemarene), komt alline dêr mar foar. Theodor Fontane syn lêste roman, Der Stechlin, spilet him yn de omkriten fan de mar ôf.

De Stechlinmar hat in maksimum djipte fan 69.5 meter, it is ien fan de djipste marren fan Brandenburch. It hat ek tige helder wetter, op plakken kin oant 11 meter djipte sjoen wurde (trochstrings sa'n 6 meter). It wetter hat drinkkwaliteit. It Leibniz Institute of Freshwater Ecology and Inland Fisheries húsmannet by de mar.[1]

It Stechlindistrikt is noch ien fan de meast wichtige oligotroofske lânskippen fan Sintraal-Jeropa.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.igb-berlin.de/