Springe nei ynhâld

Stasjon Staphorst

Ut Wikipedy
Stasjon Staphorst
Station Staphorst
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Staphorst
plak Staphorst
adres Stationsweg
arsjitektuer
stasjonskoade Sth
type Trochgongsstasjon
iepening 1 oktober 1867
sluting 15 maaie 1935
boujier 1865
sloopjier 1970
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
spoarline Steatsline A
kaart
Stasjon Staphorst (Oerisel)
Stasjon Staphorst

Stasjon Staphorst (Sth) wie in stasjon oan de Steatsline A yn it doarp Staphorst yn de provinsje Oerisel. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.

It stasjonsgebou kaam yn 1865 ree, en waard iepene op 1 oktober 1867 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A oanlein wie. Yn 1908 krige it gebou oan wjerskanten in fleugel. It stasjon waard sletten yn 1938 en it stasjonsgebou waard yn 1970 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. It stasjon stie oan de Stationsweg yn Staphorst. Der wurdt al in tal jierren sprútsen oer it op 'en nij iepenjen fan it stasjon.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: