Stasjon Markelo
Stasjon Markelo station Markelo | ||
Stasjon Markelo yn 1994 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hôf fan Twinte | |
plak | Stokkum | |
adres | Industrieweg | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Mk | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1865 | |
sluting | 17 maaie 1953 | |
boujier | 1863 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Steatsline D | |
kaart | ||
Stasjon Markelo (Mk) is in earder stasjon oan de Steatsline D yn de buorskip Stokkum yn de gemeente Hôf fan Twinte yn de provinsje Oerisel. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en ien fan de achtentritich stasjons dy't ea yn dy klasse boud waard. Ek is it ien fan de njoggen stasjons fan dat type dy't noch oanwêzich is.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1901 is oan de linkerkant in koarte fleugel oanboud en yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it stasjon slim skansearre, mar waard yn 1947 wer opknapt. It stasjon waard sletten yn 1953.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1910 hjitte it stasjon, stasjon Diepenheim, nei ien fan de twa doarpen dy't beide op fjouwer kilometer fan it stasjon lizze. Mar yn 1910 krige Diepenheim in eigen stasjon net oan de steatsline D, mar oan it Spoar fan Neede nei Hellendoorn, derom krige dit stasjon de namme stasjon Markelo neamt nei it oare doarp op fjouwer kilometer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|