Standaard Skriefwieze
Appearance
De Standaard Skriefwieze is in skriuwwize foar it Twintsk, en waard úttocht troch Goaitsen van der Vliet út Ynskedee.
Dizze skriuwwize is basearre op de earste (1982) skriuwwize fan de Kreenk vuur Tweantse Sproake (KTS), en is dêrmei tagelyk folle fonologysker as de lettere (1997 en 2009) skriuwwizen fan de KTS. Hjirtroch is der in soad romte om de pleatslike feskillen goed wer te jaan.
Sa wurdt bygelyks yn de KTS-skriuwwize fan no de útgongen fan tiidwurden as yn it Standert Nederlânsk skreaun: dus werken wurdt wearken (of elke oaare fariant fan it Twintske wurd) en lopen bliuwt lopen. Yn de Standaard Skriefwieze is it wearkn en loopn.
Gearlûkings wurde mei in hege komma werjûn: kö'w (köant wie) en goa'j (goa iej).[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |