Stakingbrekker

Ut Wikipedy

Stakingbrekkers binne maatregels dy't nommen wurde om stakings te rekken. Soks kin ûnder oare dien wurde troch it besmetten ferklearre wurk dwaan te litten troch ûnderkrûpers.

in staking brekke

As in wurkjouwer by in staking oare wurknimmers ynset om it wurk fan de stakers te dwaan is sprake fan stakingbrekken. Stake is in grûnrjocht, fêstlein yn it Europeesk Sosjaal Hantfêst (ESH). Troch it brekken fan in staking hat in aksje minder effekt en wurdt it grûnrjocht ûndergroeven. It wurk giet gewoan troch en der is gjin of net folle skea foar de wurkjouwer. De wurknimmers hawwe dan gjin drukmiddel mear. As in staker fynt dat syn wurk troch in oarenien oernomd wurdt kin hy dat oanjaan by syn fakbûn. As it wurk troch in útstjoerkrêften oernomd wurdt skeakelt it bûn de Arbeidsynspeksje yn. De Arbeidsynspeksje besjocht dat oft der sprake is fan in oertreding. By sa'n oertreding kin it fakbûn in rjochtssaak oanspanne tsjin de ûnderkrûper.

ûnderkrûpers

It ûnderkrûpersferbod stiet yn de Wet Allokaasje Arbeidskrêften troch tuskenpersoanen (WAAD). It ferbiedet it ter beskikking stellen fan arbeid by in staking. Dat betsjut dat útstjoerburo's gjin útstjoerkrêften leverje meie oan bedriuwen dêr't it personiel fan staakt, om it wurk fan de stakers oer te nimmen. De útstjoerburo's binne dan de ûnderkrûpers. Underkrûpers binne net direkt strafber. As útstjoerburo's it ûnderkrûpersferbod negeare binne se yn oertrêding mar hjir is net direkt in sanksje oan keppele. Wurknimmers fan in útstjoerburo meie it wurk wol wegerje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • DUS, FNV Bondgenoten maaie 2010, side 13