Staking
Appearance
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
In staking is in aksje fan wurknimmers om eat gedaan te krijen, meastentiids by de wurkjouwer.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1870-1900 is de ekonomyske situaasje yn Fryslân min. Oarsaken:
- De turfgraverij hat swiere konkurrinsje fan nije soarten branje as stienkoal (sjoch ferfeanting)
- de agraryske sektor hat bot lêst fan goedkeap Amerikaanske en Russysk nôt. De lânboukrisis is hjir in ûnderdiel fan.
Grutte earmoede op it plattelân is it gefolch. In soad emigrearje nei Amearika. De efterbliuwers besykje lotsferbettering te krijen. Stakings binne it gefolch. Yn twa streken is rûnom beroering:
- Yn de feangebieten is nei 1880 allegeduerigen rebûlje. Militêren besykje, faak omdôchs de oarder te hanthavenjen. Wenten fan feanbazen (twongen winkelnearing) en earmfâden wurde fernield. It opkommende Sosjaal Demokratysk Bûn hie hjir faak de hân yn. It regelt hongeroptochten en de appèls (sjoch bollejeie). Syn blêd 'Recht voor Allen' stiet efter elke staking. Earst as it tij keart om 1900 hinne, saksearret alles wat.
- Yn It Bilt mei syn grutte tsjinstellings tusken earm en ryk, waard yn 1890 algemien staakt, en mei wat súksessen. Lieding joech Broedertrouw. Ek in jier dêrnei binne der stakings, mar dizze kear sûnder resultaat. De boeren joegen doe net ta, mar lieten leaver de rispinge ferrotsje. De stakingskas rekke doe rillegau leech en de stakers moasten tajaan. Broedertrou krige hjirby de skuld en ferlear har ynfloed. Ek letter is der staakt mar net mear algemien en sûnder de eftergrûn fan de ferskuorrende earmoede.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|