Springe nei ynhâld

St Giles' Cathedral

Ut Wikipedy
Sint-Egidiuskatedraal

St Giles' Cathedral

Lokaasje
lân Skotlân
plak Edinburgh
adres Royal Mile
koördinaten 55° 56' N 3° 11' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Presbyterianisme
patroanhillige Sint-Egidius
Arsjitektuer
boujier 1120-20e iuw
boustyl gotyk, neogoatysk
Webside
stgilescathedral.org
Kaart
St Giles' Cathedral (Skotlân)
St Giles' Cathedral

De St Giles' Cathedral, ek bekend as de High Kirk of Edinburgh, is in eardere katedraal yn Edinburgh. It is de haadtsjerke fan 'e Tsjerke fan Skotlân en ien fan 'e gebouwen fan 'e Skotske haadstêd, dy't it meast it besjen wurdich is. Yn 2018 besochten 1,3 miljoen toeristen de katedraal en dêrmei wie de tsjerke it meast besochte monumint fan Skotlân. De katedraal stiet oan 'e Royal Mile op sa'n 500 meter eastlik fan Edinburgh Castle.

Ynterieur.

It tsjintwurdige gebou giet nei alle gedachten werom op it jier 1120. Nei in brân yn 1385 waard de tsjerke yn goatyske styl wer opboud. De toer waard pas yn it jier 1495 foltôge. De tsjerke waard wijd oan Sint-Giles, patroanhillige fan de melaatsen, by ús bekender as Sint-Egidius, ien fan 'e Fjirtjin Needhelpers. De tsjerke is de belangrykste tsjerke fan 'e stêd, ek al hat de tsjerke foar de reformaasje nea in katedraal west, want Edingburgh foel doe ûnder it aartsbisdom Sint-Andréas, wêrfan de katedraal yn 'e regio Fife stie.

Oant de reformaasje wie de St Giles' de iennige parochytsjerke fan Edinburgh. Skriuwers út dy tiid ferwize dan ek ienfâldich nei de 'tsjerke fan Edinburgh'. Sûnt 1467 wie de tsjerke in kollegiale tsjerke.

Op 29 juny 1559 iuw preke de reformator John Knox yn 'e tsjerke. Fuort dêrnei waard Knox as predikant beneamd fan 'e tsjerke en in wike letter waard útein set mei it ferwiderjen fan roomske dekoraasjes. De katoliken krigen dêrnei de stêd wer foar in koart skoft yn hannen, mar mei help fan Elizabeth I oermasteren de protestanten op 1 april 1560 de stêd en sûnt is de St Giles' definityf in protestantske tsjerke. Yn 9 dagen tiid waard de tsjerke suvere fan alle roomske altaren en wyt kalke. John Knox waard letter op it tsjerkhôf súdlik fan 'e tsjerke begroeven, dat hjoed-de-dei in parkearterrein fan it oanbuorjende High Court is. Sûnt 1904 betinkt in grut byld yn 'e katedraal de herfoarmer, dy't makke waard troch de byldhouwer MacGillivray.

De opsluor yn 1637.

Karel I makke yn 1633 fan 'e St Giles' in katedraal. In ferbouwing wie noch net foltôge, doe't op 23 july 1637 mei de yntroduksje fan in nij liturgysk boek opskuor ûntstie om't guon dêryn oerienkomsten seagen mei roomske rituelen. De tradysje wol ha dat in keapman begûn mei it smiten fan in kruk nei de dekaan. As reaksje op 'e ûnrêst waard de tsjerke foar in skoft sletten. Dy opskuor joech it startskot ta it ûnstean fan de Kovenanters, de kalvinistyske beweging yn Grut-Brittanje.

Yn 1661 werstelde it parlemint fan Skotlân ûnder Karel II it episkopaat en op 'e nij waard St Giles' in katedraal. De werynfiering fan biskoppen late lykwols op 'e nij ta in tiidrek fan reboelje, útrinnend op de Slach by Rullion Green yn 1666 tusken oanhingers fan it herstel fan it episkopalisme en kalvinisten. De kalvinistyske rebellen ferlearen de slach en 85 fan harren waarden finzen nommen en opsletten yn it it noardwestlike diel fan 'e tsjerke, dat tsjin dy tiid 'Haddo's Hole' neamd waard.

Tusken 1661 en 1689 waard de tsjerke op 'e nij in katedraal fan 'e Anglikanen. Foar de Skotske Anglikanen, dy't mei de Skotske Episkopale Tsjerke fusearren, is de St Giles' de haadtsjerke fan 'e Tsjerke fan Skotlân.

Fan 'e romaanske tsjerke is hast neat bewarre bleaun. It noardlike portaal wie it lêste boudiel fan dy tsjerke, dat tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw ôfbrutsen waard.

Ferwulft fan de Tikselkapel.

De tsjerke waard yn 'e 19e iuw en de jierren 1970 restaurearre. Yn 1911 waard yn it súdeasten fan 'e tsjerke de 'Thistle Chapel' yn neogoatyske styl oanboud, in kapel foar de Oarder fan de Tiksel. Ut de 20e iuw datearje de glês-yn-leadramen. It grutte finster fan 'e westlike gevel waard yn 'e jierren 1980 makke troch de Iislânske keunster Leifur Breidfjörd. It koerstuolte is neogoatysk.

Op 12 septimber 2022 waard de kiste fan 'e ferstoarne keninginne Elizabeth II nei de katedraal brocht foar in tsjinst. De kiste soe dêr foar in dei bliuwe om fan dêr wei nei Londen flein te wurden. De keninklike optocht efter de kiste waard laat troch kening Charles III. In dei earder reizge de roustaasje fan Balmoral Castle nei it paleis Holyroodhouse.

It moderne oargel yn 'e tsjerke waard yn 1992 troch oargelbouwer Rieger (Eastenryk) boud. By de bou waarden twa registers fan it âldere oargel fan Henry Willis út 1940 oernommen. It ynstrumint hat 57 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Giles' Cathedral