Spesimen
In spesimen (meartal: spesimina), fan it Latynske specimen, is in staal of meunster fan it iene of oare. Dizze term wurdt benammen brûkt yn 'e biology, de paleöntology en oanbesibbe tûken fan wittenskip. Sa wurdt yn 'e biology mei in spesimen (of biospesimen) in biologysk laboratoarium- of museumeksimplaar fan in bist, plant of baktearje bedoeld, dat bewarre wurdt foar fierdere bestudearring. Yn it gefal fan bisten en planten giet it trochstrings om in dea eksimplaar, mar baktearjes wurde ornaris libben bewarre. It is wichtich dat in spesimen represintatyf is foar syn soarte of type, want it is de bedoeling om mei bestudearring fan it spesimen mear te witten te kommen oer in gruttere groep organismen en net inkeld oer it iene spesimen sels. Om in goede stúdzje mooglik te meitsjen is it fierders fan belang dat de opslach fan spesimina op sa'n manear bart dat se deselde kwaliteit behâlde as doe't se 'yn it fjild' sammele waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |