Springe nei ynhâld

Speelland Beekse Bergen

Ut Wikipedy
Speelland Beekse Bergen
  ferdivedaasjepark
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Hilvarenbeek
plak Hilvarenbeek
adres Beekse Bergen
koördinaten 51° 31' NB, 5° 07' EL
bysûnderheden
type attraksje & wetterpark
eigner Libéma
iepen april - novimber
oerflak 10 ha
attraksjes 20
wetterattr. 5
skiednis
iepening jierren 60
gebou
boujier jierren 60
offisjele webside
webstee Speelland Beekse Bergen
kaart
Speelland Beekse Bergen (Noard-Brabân)
Speelland Beekse Bergen
Lokaasje fan Speelland Beekse Bergen.

Speelland Beekse Bergen is in attraksjepark en wetterpark yn Hilvarenbeek yn Noard-Brabân, en makket diel út fan de groep fan Beekse Bergen, dêr't ek Safaripark Beekse Bergen diel fan útmakket. Speelland rjochtet him benammen op famyljes mei bern oant 12 jier.

Ein jierren fyftich ûntstie troch sânwinning tusken Tilburch en Hilvarenbeek in grutte wetterplasse. Nei jierren fan oerlis waard troch de eigeners, de gemeenten Tilburg en Hilvarenbeek, yn de jierren 60 it Strand - en Speelland ynrjochte. Dit park rjochte him yn it begjin benammen op simmerrekreaasje. Letter waard dit útwreide mei ferskate boarterstunen en ek gruttere attraksjes, wêrtroch 't it park yn de jierren tachtich it karakter krige fan in lytsskalich attraksjepark.Nei oankeap troch Libéma waarden de achtbaan en de beamstamattraksje ferkocht oan it dútske attraksjepark "Das Neue Traumland" yn Bottrop. Der kamen gjin ferlykbere attraksjes werom foar yn it plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL