Springe nei ynhâld

Speechwriter

Ut Wikipedy
De Amerikaanske presidint Barack Obama en syn meiwurkers Carol Browner, David Axelrod en Jon Favreau dwaande mei it skriuwen fan in taspraak (2010).

In speechwriter (Ingelsk foar "skriuwer fan taspraken") is immen dy't ynhierd wurdt of oansteld is om taspraken te skriuwen dy't holden wurde sille troch in oare persoan. Sokke speechwriters wurde fral brûkt troch in protte hege politisy en oare lju mei in útfierende funksje yn it iepenbier bestjoer of de publike sektor.

It kin wêze dat it skriuwen fan in taspraak it wurk fan ien speechwriter is, mar it komt ek foar dat der ferskate speechwriters mei-inoar oer ien en deselde taspraak gear geane. Soms skriuwt ek de opdrachtjouwer sels mei, mar meastal is dat net it gefal. Wol hat de opdrachtjouwer altyd in beskate ynbring, fansels oangeande it ûnderwerp fan 'e taspraak, mar oan 'e ein fan it skriuwproses jout hy of sy der ek faak in eigen draai oan op it mêd fan wurdkar en sinsbou.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.