Springe nei ynhâld

Spannenburch (state)

Ut Wikipedy
Spannenburch yn 1959
Doumastate yn Langwar yn 1810

It hûs Spannenburch stiet oan de Strjitwei nûmer 5 yn Tsjerkgaast, gemeente De Fryske Marren. De herberch mei pleats waard boud yn 1845 troch Laas Tj. Spannenburg. It is winliken in gedieltlike werbou fan de Doumastate fan 1793 út Langwar. It gebou wie doe lykwols oan beide siden ien finster breder, wylst der lytse rútsjes yn de ramen sieten. It pân bestie doe út tolve keamers. By de restauraasje fan 1974 die bliken dat in soad materiaal fan de Doumastate brûkt is lykas kesinen, balke en meardere betimmerings. Fierder bliek dat de kezinen yn de 18e iuw donkerbrún skildere wiene. By de restauraasje is dy kleur der wer opkomd. De empire-ramen út 1845 binne wyt skildere, om't grif de ramen mei de lytse rútsjes ek wyt west hawwe. Yn de pilastergevel mei in nei foaren útspringende middenpartij op doryske pylders, dekt troch in fronton, sit it provinsjewapen. Boppe de doar sit in ramskop.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: