Springe nei ynhâld

Sotterum (Skettens)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sotterum (Boalsert))
Sotterum
Bestjoer
gemeente Súdwest-Fryslân
himrik Skettens
Oar
FerkearsierenA7
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 5' NB, 5° 29' EL
Kaart
Sotterum (Súdwest-Fryslân)
Sotterum

Sotterum is in delsetting noardwest fan Boalsert yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn de himrik fan Skettens. De namme komt ek foar as fjildnamme en as terpnamme. De buorskip bestiet út in trijetal pleatsen en in stikmannich huzen oan wjerskanten fan 'e A7 oan 'e dyk Fjouwersprong.

De namme is in gearstalling fan "hiem" en sôhtra dat faaks "súd" of om in persoansnamme mei de grûnbetsjutting "freonlik" gean kin. De buorskip is ûntstien op in terp justjes noardlik fan 'e Marneslinke. Dy terp moat al yn 'e lette izertiid, om 200 f.Kr. hinne bewenne wêze. By de terp waard yn 'e 15e iuw de Osingastate boud. Dy waard bewenne troch de ferneamde lagen Fan Osinga en Fan Aysma. De state waard yn 'e 19e iuw ôfbrutsen en op it plak waard in pleats boud. Dy pleats baarnde yn 1982 folslein ôf.

De terp fan Sotterum waard yn 'e 19e iuw folslein ôfgroeven, dêr't de terpgrûn foar earmere grûn op oare plakken foar brûkt waard. Yn 2015 wie der in argeologysk ûndersyk troch it Terpesintrum fan 'e Ryksuniversiteit Grins yn opdracht fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân. Dêr waarden oerbliuwsels fan midsiuwske gebouwen fûn. De âldste fûne foarwerpen kamen nei alle gedachten út 'e izertiid.

Yn 'e 1930-er jierren waard der in lytse buert, súdlik fan 'e terp, oan de ferhurde dyk fan Longerhou nei de krusing mei de tramwei fan Boalsert nei Wytmarsum boud. Dat buerstje waard ek wol "Fjouwersprong" neamd, nei de krusing mei de tramwei. Mei it oanlizzen fan 'e A7 waard dy buert fan 'e terp ôfsnien. Op resintere topografyske kaarten wurdt de Nederlânske namme "Viersprong" ek foar de terp ornearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje