Sos del Rey Católico
Appearance
Sos del Rey Católico | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Spanje | |
regio | Aragon | |
provinsje | Zaragoza | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 568 (2022) | |
Oerflak | 216,62 km² | |
Befolkingsticht. | 2,71 ynw./km² | |
Hichte | 652 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 42° 29'N 1° 12'W | |
Offisjele webside | ||
Webstee | ||
Kaart | ||
Sos del Rey Católico leit yn it noardwesten fan de provinsje Zaragoza yn de Spaanske autonome regio Aragon.
It plak soe al bewenne wêze sûnt de romeinske tiid. Foar in lytsk skoft hiene de Moaren it der foar it sizzen, mar yn 1044 waard Sos troch Ramiro I oan it keninkryk Aragón tafoege.
Yn it jier 1452 waard de infant Ferdinand yn Sos berne, de letter kening Ferdinand de Katolyk. Dy berte ferliende it plak de tafoeging del Rey Católico.
Sûnt 1968 hat it sintrum fan Sos del Rey Católico de monumintestatus fan Conjunto histórico-artístico. Sos del Rey Católico wie yn 1985 it dekôr fan de film La vaquilla.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsjerke San Esteban mei krypte
- Tsjerke San José de Calasanz
- Stedsmuorre mei tuorren
- Casa de la Villa (riedhûs)
- noardeastlik fan de beboude kom: kleaster en tsjerke fan Us-Leaffrou fan Valentuñana
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sos del Rey Católico fan Wikimedia Commons. |