Springe nei ynhâld

Sophie de Vries-De Boer

Ut Wikipedy
Sophie de Vries-De Boer
akteur
De Vries op de redaksje fan tydskrift Het Leven (maart 1911)
De Vries op de redaksje fan tydskrift Het Leven (maart 1911)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSophie Adriana Juliette de Boer
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne19 juny 1882
berteplakRotterdam
stoarn11 febrewaris 1944
stjerplakAuschwitz
offisjele webside
Profyl yn de IMDB

Sophie Adriana Juliette de Vries-De Boer (Rotterdam, 19 juny 1882 - Auschwitz, 11 febrewaris 1944) wie in Nederlânsk toanielaktrise.

De Vries-De Boer wie in dochter fan Henri de Boer en aktrise Esther de Boer-Van Rijk. Se folge yn de fuotleasten fan har mem en spile de rol fan Jo yn it toanielstik Op Hoop van Zegen, wêr't har mem de haadrol yn hie. Se spile ek yn de film Op Hoop van Zegen (1934). Yn de jierren 10 gie se by it toanielselskip Het Toneel en spile dêr yn ferskate toanielstikken, lykas Mijlpalen (1913), Oedipus van Sofokles (1913) en Jonkvrouwe de la Seiglière (1914).[1] Doe't de Twadde Wrâldoarloch útbriek, waard De Vries-De Boer nei konsintraasjekamp Auschwitz deportearre. Dêr waard se yn 1944 fergast.

Har soan Martijn de Vries (1913–1943)[2] waard yn april 1943 yn it ferneatigingskamp Sobibor deadien. Dochter Hesje de Vries (1905–1968)[3] oerlibbe de Holokaust.

  • Kay Weniger: Zwischen Bühne und Baracke. Lexikon der verfolgten Theater-, Film- und Musikkünstler 1933 bis 1945. Metropol, Berlyn 2008, ISBN 978-3-938690-10-9, S. 418

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Profyl fan de trije neammde toanielstikken:
  2. Kay Weniger: Zwischen Bühne und Baracke. s. 418
  3. Hesje de Vries yn IMDb