Somme (rivier)
Appearance
(Trochferwiisd fan Somme)
De Somme (Middelnederlânsk: Zomme, Flaamsk: Zoom) is in rivier yn Pikardje (Frankryk). De âlde Gallyske namme fan de rivier is Samar, 'de rêstige'. It is de rivier dy't it departemint Somme syn namme jûn hat. De Somme is 245 km lang, fan syn boarne yn it eardere Forest of Arrouaise by Fonsommes ûnder Saint-Quentin oant de Baai fan de Somme oan It Kanaal.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op 27 septimber 1066 sette de ynvaazjefloat fan Willem de Oermasterder fan de mûning by Saint-Valery-sur-Somme ôf nei Ingelân.
- Yn 1916, ûnder de Earste Wrâldoarloch, wie by it plak Péronne de Slach oan de Somme; goed in miljoen minsken ferlearen it doe libben.
- Yn 2001 wiene der slimme oerstreamingen yn de delling fan de Somme.
Sydrivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste sydrivieren binne de Avre en de Ancre.
Linker sydrivieren: |
Rjochter sydrivieren: |
Plakken oan de Somme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Somme River fan Wikimedia Commons. |