Sollwitt
| Sollwitt / Salwit | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Sollwitt (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Viöl | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 294 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 10,95 km² | |
| Befolkingsticht. | 27 ynw./km² | |
| Hichte | 23 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25884 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-vioel.de | ||
| Kaart | ||
Sollwitt (Noardfrysk: Salwit, Deensk: Solved) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket gear mei oare gemeenten yn it amt Viöl en hat 294 ynwenners (2024).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpsgebiet fan Sollwitt leit yn it natuergebiet fan 'e Bredstedt-Husumer Geast, noardeastlik fan it haadplak Viöl. Oan 'e eastlike gemeentegrins mei Süderhackstedt ûntspringt de Arlau by it saneamde Herrenmoor. It wetter fan 'e Jörlau streamt tusken it haadplak en it doarp Pobüll eastoan nei de Jerrisbek (in sydrivierke fan 'e Treene). Oan dat beekje lizze it Pobüller Moor en it Nordermoor.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 april 1934 waard de kerspellânsgemeente Viöl opheft. In grut oantal fan 'e buorskippen en doarpsmienskippen waarden doe selsstannige gemeenten, en dat gou ek foar Sollwitt. In pear moanne letter, op 1 desimber 1934, waard Sollwitt mei de buorgemeente Pobüll gearfoege ta de nije, gruttere gemeente Sollwitt.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plaknamme giet werom op it Deenske wurd foar bosk (Alddeensk: with, Nijdeensk: ved, yn it Nederdútsk oernommen as -witt) en it wurd sol yn 'e betsjutting fan "sompich plak" of "sompe". Dat lêste namme-elemint tsjut mooglik op 'e namme fan in hiele krite, om't ek Sollbrück en Sollerup net fier faninoar ôf lizze. Der wurdt ek tochte dat Sola in âlde namme foar de rivier de Treene west hat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
