Springe nei ynhâld

Sneker Café

Ut Wikipedy

Sneker café, yn de folksmûle bekend as Cafétje in Sneek, is in liet fan de Switserske, kabareteske skriuwer Drs. P. It is ien fan syn bekendere nûmers.

It liet behannelet yn fiif kûpletten it feit dat der yn Snits in âlderwetsk kafee bestiet mei in beheinde dranksortearring dat lykwols alle dagen fol is, en dat in ferrassend soad mei foarfallen dy't rûnom yn 'e wrâld barre te meitsjen skynt te hawwen ; it is in parody op socht tafal.

De lêste trije kûpletten einigje mei in parlando dat elk kûplet hieltiten langer wurdt, wêrby't in skynber ûnopfallend foarfal troch allerhanne bysinnen en ompaden dochs in dúdlike ferbining blykt te hawwen mei it neamde kafee.

De begelieding by dit numer is útfierd op akkordeon, wat it lokale 'klompedûns'-eftige karakter fan it kafee fierder fersterket.