Slottsjerke (Weilburg)

Ut Wikipedy
Slottsjerke

Schlosskirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Limburg-Weilburg
plak Weilburg
bysûnderheden
type bouwurk protestantske tsjerke
boujier 1707-1713
toer âlder
arsjitekt Julius Ludwig Rottweil
boustyl Barok
monumintale status Kulturdenkmal
offisjele webside
Side prot. tsjerke, Weilburg

De Slottsjerke (Schlosskirche) fan Weilburg yn de Dútske dielsteat Hessen is in barokke tsjerke, dy't by it slotkompleks fan Weilburg heart.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard fan 1707 oant 1713 yn it ramt fan de werynrjochting fan de stêd nei ôfbraak fan de foargonger op it plak boud. De massive toer fan de âlde tsjerke waard yn de nijbou yntegrearre. De tsjerke krige sawol de funksje fan stedstsjerke as hoftsjerke.

Preekstoel en oargel

Oan de kant fan it Marktplatz waard it âlde stedshûs fan Weilburg yntegrearre yn de nije tsjerke, dêr't hjoed-de-dei in kafee en romtes om gear te kommen yn ûnderbrocht binne. De tsjerkeseal is in grutte fjouwerkante romte mei yn it midden fan de súdlike kant in healrûne nis mei de preekstoel fan Anton Ruprecht en it oargel fan Johann Jakob Dahm. Dêrfoar oer is de foarstelôzje.

In yn 1555 yn it dak fan de toer ynstallearre wettertank fan likernôch 80 m³ foar de wetterfoarsjenning foar de doe nije wetterpartijen yn de paleistunen waard yn 1700 ferfongen troch in nije tank mei in kapasiteit fan 26 m³, dy't 8 jier letter fanwegen de lytse kapasiteit dochs wer útboud en ferfongen waard troch in tsjettel fan 68 m³. Nei de fergrutting fan it wetterreservoir yn it Wehrhölzer Wald yn 1776 waard de tank yn 1779 lang om let ferwidere.

De keunstner Georg Friedrich Christian Seekatz fersoarge de beskildering fan it gebou, it stúkwurk waard troch Andreas Gallasini oanbrocht.

Oargel

Grêfkelder Nassau[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de preekstoel leit de grêfkelder foar de Nassauske foarsten. Greve Johann Ernst wie de earste dy't dêr byset waard. Meiïnoar binne 30 foarsten fan Nassau en Lúksemboarch yn de kelder byset, foar it lêst Adolf I (dy't oant 1866 de lêste hartoch fan Nassau en fan 1890 oant 1905 gruthartoch fan Lúksemboarch wie) en syn soan Willem IV (dy't fan 1905 oant 1912 gruthartoch fan Lúksemboarch wie). De grêfkelder wurdt alle jierren op 17 novimber iepene foar besikers. De kelder falt ûnder it territoariale gebiet fan it gruthartochdom Lúksemboarch.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1710 krige Johann Jakob Dahm út Mainz de opdracht om foar 1900 gûne in nij oargel foar de tsjerke te bouwen. It oargel hie 23 registers, ferdield oer haadwurk, rêchposityf en pedaal. Wilhelm Sauer ferfong it oargel un 1902-1903 as Opus 896 mei in frije spyltafel op de galerij ûnder it oargel. Allinne de barokke oargelkas en de frontpipen bleaune fan it âlde ynstrumint bewarre. It Sauer-oargel waard yn 1972 troch de firma G.F. Steinmeyer & Co ferboud en fergrutte nei 28 registers. It oargel krige ek in nije spyltafel mei in tredde manuaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur op dizze side.