Slange-earnen
Appearance
| Slange-earnen | ||
| Circaetus gallicus | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
| skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
| famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
| ûnderfamylje: | hauken en sparwers (Accipitrinae) | |
| skaai: | slange-earnen (Circaetus) | |
| Vieillot, 1816 | ||
Slange-earnen (Circaetus) binne in fûgelskaai yn 'e famylje haukfûgels (Accipitridae). De wittenskiplike namme Circaetus waard foar it earst publisearre yn 1816 troch Louis Pierre Vieillot.
Slange-earnen binne middelgrutte rôffûgels mei frij brede wjukken en in rûne kop. Se jeie op reptilen, benammen slangen, mar ek hagedissen, fûgels en soms lytse sûchdieren.
De measte soarten libje yn Afrika, mar de gewoane slange-earn briedt yn Súd-Europa, Europeesk-Ruslân oant Yndia. De Europeeske populaasje oerwinteret yn Afrika.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai wurdt yn 7 soarten ûnderferdield:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Circaetus gallicus | slange-earn | Europa, Aazje, oerwintering yn Afrika | net bedrige stabyl[1] | |
| Circaetus beaudouini | Sahelslange-earn | West-Afrika oant Súd-Sûdan, Uganda | kwetsber | |
| Circaetus pectoralis | swartboarstslange-earn | East- en Súd-Afrika | net bedrige stabyl[3] | |
| Circaetus cinereus | brune slange-earn | Afrika besuden de Sahara, ôfwêzich yn it Kongobekken | net bedrige | |
| Circaetus fasciolatus | grize slange-earn | Kenia, Mozambyk, Somaalje, Tanzania, Simbabwe, Súd-Afrika | hast bedrige | |
| Circaetus cinerascens | lytse slange-earn | West-Afrika oant Etioopje, oant nei it suden ta oant Botswana en Simbabwe | net bedrige | |
| Circaetus spectabilis | Kongoleeske slange-earn | West-Afrika, Sintraal-Afrika | net bedrige | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
