Springe nei ynhâld

Slach op de Wite Berch

Ut Wikipedy
Slach op de Wite Berch
datum: 8 novimber 1620
útkomst: Oerwinning fan de katoliken op de protestanten
konfliktpartijen
Hillige Roomske Ryk
Katolike Liga
Spaanske Ryk
Keninkryk Bohemen
De Palts
befelhawwers
Greve fan Bucquoy
Greve fan Tilly
Jindřich Matyáš Thurn
Kristiaan fan Anhalt
sterkte
27.000 30.000
ferliezen
± 700 dea of ferwûne ± 4000 dea of ferwûne

De Slach op de Wite Berch (Tsjechysk: Bitva na Bílé hoře; Dútsk: Schlacht am Weißen Berg) wie in wichtige fjildslach yn it begjin fan de Tritichjierrige Kriich.

De striid fûn plak op 8 novimber 1620. In leger fan 15.000 boheemske manlju en hierlingen ûnder Kristiaan fan Anhalt waard ferslein troch it 27.000 man sterke ferienige leger fan Ferdinand II, keizer fan it Hillich Roomske Ryk ûnder lieding fan greve fan Bucquoy en de Dútske Katolike Liga ûnder lieding fan de greve fan Tilly. De stridende partijen troffen inoar op Bílá Hora ("Wite Berch") net fier fan Praach. Tsjintwurdich leit de lokaasje binnen de stedsgrinzen fan de Tsjechyske haadstêd.

De slach makke in ein oan de Boheemske Opstân en soe foar de folgjende trije iuwen ek in ein meitsje oan de ûnôfhinklikens fan Bohemen. De protestanten flechten it lân út en mei it herstel fan it bewâld fan Ferdinand II waard Bohemen op 'e nij katolyk.