Slach by Winkel
Appearance
De slach by Winkel wie in fjildslach by Winkel, (West-Fryslân), yn 993 tusken it leger fan de Hollânske greve Arnulf, tsjin in West-Fryske legermacht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oanlieding foar dizze slach wie de machthonger fan Arnulf nei mear lânbesit. Hy tocht tsjin de ynwenners fan Westflinge dy't net bestjoere waard troch in sintrale machthawwer in ienfâldige oerwinning te helje kinnen. Yn 993 foel hy mei syn leger Westflinge yn en stuite by Winkel op in legermacht fan de Westfriezen.
Yn de slach dy't plak ferlear it leger fan Arnulf en skeat hy sels it libben derby yn. De fersleine koene my muoite fuort komme. De frou fan Arnulf koe allinne mei stipe fan de kening it greefskip Hollân en Seelân foar har soantsje Diederik behâlde.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 112.