Springe nei ynhâld

Slach by Turyn (312)

Ut Wikipedy
Konstantyn de Grutte

De slach by Turyn wie in fjildslach yn 312 tusken it leger fan Konstantyn I en de troepen fan syn rivaal Maksentius. Dy slach waard wûn troch Konstantyn.

Oanlieding en foarspul

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de machtsstriid dy't folge op de dea fan keizer Konstantius Klorus folge yn 308 in ta-inoarkommen tusken de ferskate troanopfolgers. Op de Konferinsje fan Karnuntum waard fêststeld dat Galerius keizer fan it easten bliuwe soe, mei Maksiminus Daia as ûnderkening, en dat Lisinius de macht yn it westen útoefenje soe, holpen troch Konstantyn I. Mar al dizze ôfspraken wurken yn de praktyk net omdat Maksentius, dy't net meidie oan de konferinsje, syn posysje yn Rome net opjaan woe en Lisinius, de oanwizen persoan om him te bestriden, der neat oan dwaan woe. De situaasje waard hieltyd komplekser doe't Galerius ynstee fan Maksiminus Daia, de Caesar fan it easten, Lisinius as opfolger oanwiisde. Al dy ûntwikkelingen joegen Konstantyn de gelegenheid mei Maksentius de striid te sykjen.

Wylst Maksentius him ferskânse yn Rome mei in út 100.000 soldaten grut besteand leger, loek Konstantyn him út Galje wei temjitte mei in heal sa grut leger, dat foar in grut part bestie út veterani. Sy trochkruse de Alpen fia de pas fan de Mont Cenis en moetsje yn Segusia (Susa) de earste wjerstân fan Maksentius syn leger. De stêd waard ynnommen en op befel fan Konstantyn yn de brân stutsen. Mei it stellen fan dy died woe hy oan de befolking fan Itaalje sjen litte dat sy har stêden better net foar him sletten hâlde koene.

Nei de ynname fan Susa loek Konstantyn fierder yn de rjochting fan Turyn. Om it leger fan Konstantyn tsjin te hâlden hie Maksentius fan Rome út in grut leger nei it noarden stjoerd, dêr't ek in grut kontingint swiere kavalery oan tafoege wie. Dy elite-ienheid wie nei Perzysk foarbyld mei swiere harnassen bepânsere. Yn de omkriten fan Turyn kamen beide legers foarinoar oer te stean. Konstantyn stelde syn ynfantery foar de kavalery oer fan Maksentius en joech opdracht de fijân oan te fallen. Yn it gefjocht dat dêrop folge koe de swiere kavalery fan Maksentius net goed út de fuotten komme. Hy kaam klam te sitten tusken de ynfantery fan Konstantyn en de ruters waarden mei grutte kneppels op de grûn slein [1] en fermoarde.

Troch dat foarfal kantele de slach yn it foardiel fan Konstantyn. It leger fan Maksentius sloech op de flecht en besocht in goed hinnekommen te finen yn Turyn, mar de stedsbefolking wegere om it leger ta te litten. Al gau arrivearre it leger fan Konstantyn, dêr't doe foar de muorren fan de stêd in slachting barde.

Nei it behelje fan de oerwinning by Turyn loek Konstantyn fierder Itaalje yn. Hy fierde syn oerwinning yn Mediolanum (Milaan) en marsjearre rjochting Breskia en Ferona. Keizer Maksentius hie dan wol in slach ferlern, hy wie net ferslein. Al gau soe der in nij treffen komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarne:

  • Zosimus, Romeinsk skriuwer út de 4e iuw.

Fuotnoat:

  1. Wim Jurg, (2000) De vierde eeuw, of hoe het christendom staatsgodsdienst werd, side 38.