Springe nei ynhâld

Slaanderij

Ut Wikipedy

Slaanderij[1] of in fjochtpartij is in deilisskip tusken twa (of mear) persoanen of twa (of mear) groepen fan persoanen dy't troch tapassing fan geweld (meastal slaan en skoppen) besljochte wurdt. Der wurdt ek wol sprutsen fan in gefjocht, mar dat is eins in breder begrip, dat ek slaan kin op bgl. in lytsskalich wapene treffen yn it ramt fan oarlochshannelings. Slaanderij komt it measte foar yn it útgeanslibben, wêrby't ien fan 'e partijen of beide partijen alkohol nuttige hawwe en ûnder ynfloed ferkeare. Ek is it wolris it gefolch fan in út 'e hân rûne buorrelêst. As it mar om in pear klappen giet, kinne omstanners sokke slaanderij faak susse, mar as it fierder giet, moat de plysje de fjochtersbazen soms útinoar helje. Slaanderij kin liede ta beskuldigings fan mishanneling, dat in misdriuw is en as sadanich strafber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Meulen, Douwe van der, Frysk Puzelwurdboek, 1992, Ljouwert (Afûk), ISBN 9 06 27 34 030, s. 134.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.