Slaaf (betsjuttingsside)
"Slaaf" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:
- slaaf, immen dy't yn slavernij libbet
- Slaaf, in persoan dy't ta de Slaven as etnyske groep heart
- slaaf (BDSM), immen dy't him út frije wil foar seksueel geniet ûnderwerpt oan in dominator of dominatriks yn it ramt fan BDSM
- slaaf (technyk), it ûndergeskikte fan twa fierders gelikense ûnderdielen fan in masine of masinesysteem
Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Under de opfolgers fan keizer Karel de Grutte wreide it Hillige Roomske Ryk him yn 'e Iere Midsiuwen yn eastlike rjochting út. It wengebiet fan Slavyske folken (Slaven) as de Sorben waard doe fan 'e etnyske Dútsers kolonisearre. Leden fan dy folken waarden finzen nomd, nei in frjemd lân fersleept en dêr ta ûnbetelle arbeid twongen. De oantsjutting 'slaaf' waard dêrnei yn in protte Westerske talen fan tapassing op eltse persoan dy't yn sa'n soarte finzenskip libbet.