Springe nei ynhâld

Skutterskeamer

Ut Wikipedy

De Skutterskeamer is in museum yn it eardere stedhûs fan Snits oan de Merkestrjitte yn Snits. De keamer sit efter de grutte riedsseal en toant attributen fan de Snitser skutterij.

De skutterij beweitse en ferdigene eartiids de stêd Snits en waard yn 1907 opheft. Der is noch in foto mei de lêste skuttersleden der op. It museum hat spearen, findels en gewearen fan de skutterij.

Oare foarwerpen binne in reinwettersuveringsynstallaasje en in rattel fan de stedsomropper.

In bysûnder objekt is de stoarmhelm fan Grutte Pier. Pier wenne de lêst jierren fan syn libben yn Snits dêr't er yn 1520 ferstoar.

Oare objekten:

  • Untwerpen foar in ûntwerpwedstryd
  • Tegeltsjes dy't de gemeente krige by eveneminten
  • Sulveren potten
  • Oantinkens oan de Japanske susterstêd Kurobe
  • Potguod dat út de tún fan it stedhûs
  • Plattegrûnen fan de Fryske alve stêden
  • Oantinkens oan de Kanadezen yn de Twadde Wrâldoarloch

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: