Skriuwplankje fan Tolsum
It skriuwplankje fan Tolsum is in skriuwplankje of waakstaffeltsje út de Romeinske tiid mei dêrop de âldst skreaune tekst fan Nederlân. It plankje is fûn by it ôfgraven fan de terp fan Tolsum by Tsjom yn 1914. De tekst is skreaun yn it Latyn.
De oarspronklike ynterpretaasje, troch prefester C.W. Vollgraff, wie dat der in keapkontrakt op stie, wêrby't Stelus, soan fan Riparius, foar 115 sestertiën in ko ferkocht oan Gargilius Secundus. Begjin 21e iuw waard oannimlik makke dat it it lêste part is fan in kontrakt dêr't in jildliening yn fêstlein wurdt, benammen dat dy oan de slaaf Carus werom betelle wurde soe.
De datum dat de ôfspraak optekene waard is ek bekend, nammentlik 23 febrewaris fan it konsultaat fan C. Fufius Geminus, dat is it jier 29 nei Kristus.
Yn 1888 kaam by ôfgravings fan in terp by Bitgum de Hludana-stien oan it ljocht, dy ûnthjitstien is wijd oan de goadinne Hludane. Fan it skriuwplankje, mei de Hludana-stien, kin sein wurde dat dat bewizen binne fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten. Al binne skriftlike boarnen út in gebiet út dy tiid tige seldsum.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Friesland in den Romeinschen tijd. - Friesch Genootschap 1917 57 s. (Mei platen, ôfb. yn de tekst en krt.)
- C.W. Vollgraff: Eene romeinsche koopacte uit Tolsum.
- P.C.J.A. Boeles: De vondsten uit de terp "Groot Tolsum". - (De ynfier fan terrasigillata yn Fryslân)
- A.K. Bowman, O. Tomlin and K.A. Worp: 'Emptio Bovis Frisica'. The 'Frisian Ox Sale' Reconsidered' In: The Journal of Roman Studies 99 (2009), p. 156-170
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|