Springe nei ynhâld

Skriuwen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skriuwe)
Midsiuwske yllustraaasje fan in kristlike kopyist dy't oan it skriuwen is

Skriuwen is de werjefte fan in taal yn in tekstueel medium troch it brûken fan in samling fan tekens of symboalen (dat bekend stiet as in skrift).[1] Skriuwen wurdt ûnderskieden fan yllustraasje, lykas grottekeningen skilderjen, net-symboalyske manieren om de taal te bewarjen troch gebrûk te meitsjen fan net-tekstuele media, lykas magneetbân.

Skriuwen is in útwreiding fan de minsklike taal yn de tiid en de romte. Skriuwen is grif yn âlde kultueren begûn as in byprodukt fan politike ekspânsje. Dizze âlde kultueren hienen in betrouber middel nedich foar it oerbringen fan ynformaasje fan de perifery nei it sintrum. Men hâlde in finansjele boekhâlding by, skreau histoaryske gegevens op en soksoarte aktiviteiten. Om it 4e millennium foar Kristus, ûntgroeide de kompleksiteit fan de hannel en administraasje de mooglikheden fan it minsklik ûnthâld en waard skriuwen in mear betroubere metoade foar it yn in permaninte foarm registrearjen en presintearjen fan transaksjes. [2] Yn Meso-Amearika mar ek yn it Alde Egypte soe it skriuwen him ûntwikkelje kind hawwe út it byhâlden fan kalinders en de politike needsaak foar it registrearjen fan histoaryske en natuerlike foarfallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Peter T. Daniels, "The Study of Writing Systems", (De stúdzje fan skriuwsystemen) yn The World's Writing Systems, Ed. Bright en Daniels, blz. 3
  2. Robinson, 2003, side 36