Springe nei ynhâld

Skoalgebou

Ut Wikipedy
Skoalgebou fan it Bogerman Kolleezje yn Snits

In skoalgebou is in gebou dêr't in skoalle yn sit.

In skoalgebou kin neffens struktuer ferskille, mar yn haadlinen bestiet sa'n gebou út klaslokalen, dêr't learlingen les yn krije fan in ûnderrjochter, in mediateek, in kantine, in haadyngong, in resepsje, gearkomsteromten en skoftromten foar it personiel. Om sa'n gebou hinne, benammen by skoallen foar primêr ûnderrjocht, binne skoalpleinen en fytsestallings fêstige.

Yn Nederlân is de gemeente ornaris de eigner fan in skoalgebou, dy't dan ek de frantwurdlikens hat foar de feiligens yn sa'n gebou. Der binne strange easken neffens de Arbowet en Boubeslút.[1] Wichtige feiligenseasken binne de brânfeiligens en luchtkwaliteit. It gebou moat brânfeilich boud wêze, brândwêsters en in needútgong hawwe. Ek moat it gebou in goede fentilaasje hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory School buildings fan Wikimedia Commons.