Skalsumer Feart
Appearance

De Skalsumer Feart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart ferbynt Peins mei Skalsum noardeast fan Frjentsjer. De Skalsumer feart is ferbûn mei de Aldfeart. Nei de ruilferkavieling is de feart útwreide mei in stik yn de Lytse Skalsumer polder. It wetteret no út mei in gemaal op de Doanjumer Feart. It is ek ferbûn mei it Aldmear. Op'e plak der't in wettermûne stie yn de Lytse Skalsumer Polder is noch altyd in hûs mei in heechhout foar fytsers en kuierders.
De namme Skalsumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Schalsumervaart.