Sjoerd Hofstra
Sjoerd Hofstra | ||
Hofstra yn 1932 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 jannewaris 1898 | |
berteplak | Skuzum | |
stoarn | 14 april 1983 (86 jier) | |
stjerplak | Thun, Switserlân | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Sosjolooch, antropolooch |
Sjoerd Hofstra (Skuzum, 21 jannewaris 1898 - Thun, 14 april 1983) wie in Nederlânsk sosjolooch en antropolooch fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hofstra kaam út in ienfâldige húshâlding. Hy wurke oarspronklik as sjoernalist foar it Nieuwsblad van het Noorden en it Nieuwsblad van Friesland.
Troch finansjele help fan in goeddwaanster wie er by steat om te studearjen: earst sosjology en psychology yn Parys, dêrnei sosjale geografy oan de Gemeentlike Universiteit fan Amsterdam. Nei syn ôfstudearjen ferdjippe Hofstra syn ynsichten yn Berlyn (by Vierkandt en Westermann) en yn Londen (SOAS) by Malinowski. Yn 1933 promovearre er yn Amsterdam by Steinmetz op in proefskrift oer Afrika.
Hofstra wurke dêrnei as research fellow fan de Rockefeller Foundation yn Londen by Malinowski. Hofstra soe krekt as Siegfried Nadel en Meyer Fortes yn opdracht fan Malinowski as earste Nederlânske sosjolooch fjildwurk dwaan yn Afrika. Hy wurke yn Sierra Leöane. By twa besiken fan 1934 oant 1936 die er etnografysk fjildwurk by it folk de Mende. Nei 't er swartwetterkoarts (Malaria hemoglobinuria) oprûn hie, waard er troch dokters advisearre mei syn ûndersyk op te hâlden. Hoewol't der tariedings makke waarden om syn ûndersyk yn Sierra Leöane nei de Twadde Wrâldoarloch wer te op te nimmen, binne dy der nea kommen.[1]
Op 1 novimber 1937 waard Hofstra waarnimmend direkteur en op 1 oktober 1938 direkteur fan it Museum voor Lân- en Folkekunde en it Maritiem Museum 'Prins Hendrik' yn Rotterdam. Beide funksjes soe er oant 1 oktober 1949 útoefenje. Hofstra ferbettere de organisaasje en soarge derfoar dat de musea troch in soad tentoanstellingen en lêzingen mear nei bûten ta treden. Ek koe nijbou foar it Maritiem Museum ferwêzentlike wurde.
Yn 1947 waard Hofstra bysûnder heechlearaar yn de Afrikaanske folkekunde oan de Ryksuniversiteit fan Leiden. Dy learstoel wie mei op inisjatyf fan it Rotterdamsk bedriuwslibben (benammen fan K.P. van der Mandele) ta stân kommen. Yn 1949 folge de beneaming ta heechlearaar sosjology oan de Universiteit fan Amsterdam. Dêrneist bleau er bysûnder heechlearaar yn Leiden. Yn 1950 waard Hofstra lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.
Fanwegen syn ynternasjonale ûnderfining en talekennis waard Hofstra direkteur fan de Stichting foar Ynternasjonale Gearwurking fan de Nederlandse Universiteiten en Hegeskoallen. Sadwaande wie er fan it begjin fan de fyftiger jierren ôf nau belutsen by it opsetten fan it Ynstitute of Social Studies yn De Haach, dat him rjochte op studinten út de minder ûntwikkele lannen. Sintraal stie de stúdzje fan problemen dy 't gearhongen mei feroaringen yn ûntwikkelingslannen, in fraachstik dat Hofstra's waarme belangstelling hie. Yn 1952 waard er de earste direkteur fan it ynstitút.
Bistewolwêzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1953 ôf wie Hofstra bestjoerslid fan de Nederlandse Vereniging tot Bescherming van Dieren. Tusken 1961 en 1973 wie er foarsitter. Fan 1958 ôf oan wied er ek bestjoerslid fan de Wrâldfederaasje ta Beskerming fan Dieren en fan 1966 oant 1974 foarsitter.
Argyf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike neilittenskip fan Hofstra (fjildwurkoantekeningen en oare notysjes) wurdt foar in part bewarre by it Afrika-Studiecentrum yn Leiden en foar in part by de Bysûndere Kolleksjes fan de Universiteit fan Amsterdam.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjoerd Hofstra: Differenzierungserscheinungen in einigen afrikanischen Gruppen. Ein Beitrag zur Frage der primitiven Individualität. Proefskrift GU Amsterdam, 1933.
- Sjoerd Hofstra: De sociale aspecten van kennis en wetenschap. Amsterdam, Scheltema & Holkema, 1937
- Sjoerd Hofstra: The belief among the Mendi in non-ancestral spirits, and its relation to a case of parricide. (1942)
- Sjoerd Hofstra: Afrikaanse volkenkunde. Problemen, plaats en betekenis. Leiden, Brill, 1947
- Sjoerd Hofstra: Over universiteit, Marcuse en rationaliteit. (Ofskiedsrede GU Amsterdam). Leiden, Brill, 1969
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- L. Laeyendecker: Levensbericht S. Hofstra. Yn: Jaarboek KNAW. Amsterdam, 1984
- H. Noordegraaf, 'Hofstra, Sjoerd (1898-1983)'. Yn: Biografisch Woordenboek van Nederland, dl. 5 (Den Haag, 2002).
- Among the Mende in Sierra Leone. The letters from Sjoerd Hofstra (1934-1936). Ed. by Marijke Gijswijt-Hofstra. Leiden, African Studies Centre, 2014
- Part fan it argyf fan Hofstra by it Afrika-Studiecentrum
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sjoerd Hofstra fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk sosjolooch
- Frysk antropolooch
- Frysk heechlearaar
- Frysk publisist
- Nederlânsk sosjolooch
- Nederlânsk antropolooch
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam
- Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Skuzum
- Persoan berne yn 1898
- Persoan stoarn yn 1983