Springe nei ynhâld

Sjibbolet

Ut Wikipedy

In sjibbolet is in tongbrekkerssechje wêrfan de útspraak oanjout of immen al as net ta in bepaalde groep heart. Meastentiids befettet in sjibbolet klanken dy't sa spesifyk foar in taal binne, dat in net-memmetaalsprekker de tonge der oer brekke sil. By útwreiding kinne ek spesifike hannelingen brûkt wurde as sjibbolet.

Om't in sjibbolet typysk tapasber wie yn situaasjes dêr't gjin presyze skiedskriuwing oer wie, is meast net te efterheljen of in sjibbolet ea werklik brûkt is.

It wurd sjibbolet komt út it Hebriuwsk. It wurdt brûkt yn de Bibel yn Rjochters 12:4-6. De Gileäditen brûkten it om Efraïmiten dy't oer de Jordaan flechtsje woenen te ûntmaskerjen:

...Binne jo in Efraïmyt? Sei er dan: Nee, dan seinen se tsjin him: Sis ris: Sjibbólet. Sei er Sibbólet, en wie er net by machte it goed út te sprekken, dan pakten se him en sloegen him dea dêr by de oerstekplakken fan de Jordaan.

Oare foarbylden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bûter, brea, en griene tsiis; wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries'

Bekende sjibboletten binne:

Scheveningen
Mooglik brûkt yn de Twadde Wrâldkriich troch it Nederlânsk ferset om Dútske ynfiltranten te ûntmaskerjen, omdat Dútstaligen oer it algemien de yn it Nederlânsk faak brûkte klankrige /sx/ net goed útsprekke kinne.
Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries.
Mooglik brûkt troch Grutte Pier om út te meitsjen of er mei Hollanners of Friezen te dwaan hie.
Neffens T. Feitsma leit de oarsprong fan dy spreuk lykwols yn de Ingelske siswize:
Butter, bread and green cheese,
Is good English and good Fries. (of 'Freese')[1]
(Bûter, brea en griene tsiis,
Is goed Ingelsk en goed Frysk.
)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H., e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Bûter