Sjaryf
Sjarif (Arabysk: شريف, sekuerdere transliteraasje: šarīf, likernôch: "sjariif"; yn 'e Arabyske sprektaal ornaris šurfa, likenôch: "sjûrfa") is in tradisjonele Arabyske titel, dy't safolle betsjut as "ealman" of "lid fan 'e hegerein". De froulike foarm is sjarifa (Arabysk: شريفة; šarīfaẗ, likernôch "sjariifa"). Yn it Arabysk is de meartalfoarm fan šarīf: اشراف, ’ašrāf, likernôch: "asjraaf").
Yn 'e Arabyske wrâld wurdt de term "sjaryf" troch soenniten brûkt foar de ôfstammelingen fan Hassan ibn Ali, wylst de term "sajyd" of sayyid brûkt wurdt om 'e ôfstammelingen fan Hûssein ibn Ali mei oan te tsjutten. Sawol Hassan as Hûssein wiene soannen fan Ali ibn Abi Talyb en Fatima, de dochter fan 'e profeet Mohammed, de stifter fan 'e islaam. Sûnt de ein fan 'e hearskippij fan 'e Hasjemiten (dy't sizze ôf te stamjen fan 'e Hassan ibn Ali) oer de hillige stêd Mekka, yn 1925, wurdt de term "sajyd" trouwens troch soenniten ek wol brûkt foar ôfstammelingen fan Hassan. De sjiïten brûke de termen "sajyd" en "habyb" om 'e ôfstammelingen fan sawol Hassan as Hûssein oan te tsjutten.
Fan 1201 oant 1925, doe't Ibn Saûd, de stifter fan it modern Saûdy-Araabje, de Hidjas (de westkust fan it Arabysk Skiereilân), en dêrmei Mekka ferovere, hiene de Hasjemiten it amt fan sjaryf fan Mekka yn 'e hannen. Dêrnjonken wiene se faak ek emir en letter kening fan 'e Hidjas. De neikommelingen fan Hûssein bin Ali, de foarlêste Hasjemityske sjaryf fan Mekka, regearje no oer it Hasjemityske Keninkryk Jordaanje. Ek de keningen fan Marokko hâlde út dat se fan 'e profeet Mohammed ôfstamje en meitsje dêrom oansprake op 'e titel sjaryf.
Der wurdt wolris tocht dat it Arabyske wurd "sjaryf" wat mei it Ingelske wurd sheriff te krijen hat, mar dat is net sa. Hoewol't de wurden opinoar lykje, binne se net besibbe. Sheriff is feitliks in gearlûking fan it Aldingelske scīrgerefa (yn modern Ingelsk soe dat shire-reeve wêze), dat men oersette kinne soe mei "gritenijskout", dus de hanthavener fan 'e wet yn in lytseftige krite fan it lân, yn it gefal fan Ingelân in shire oftewol county ("greefskip").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |