Sjakriaba (folk)
Sjakriaba Xakriabá | |
---|---|
Célia Xakriabá, in Sjakriaba-aktiviste. | |
flagge | |
populaasje | |
oantal | 9.196(2010) |
taal | Portegeesk, Sjakriaba † |
godstsjinst | natoerreligy, kristendom |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | gjin spesifike erkenning |
fersprieding | |
Brazylje: | 9.196 |
De Sjakriaba (Portegeesk: Xakriabá, útspr.: [ʃɐˌkɾi.ɐˈba], likernôch: "sjuh-krië-ba") binne in lânseigen Yndiaansk folk yn it sintrale part fan Brazylje. Se hawwe ferskate eigen reservaten yn 'e steat Minas Gerais. Oarspronklik wiene se nomaden, dy't yn 'e krite fan 'e rivier de Tocantins libben. Harren eigen taal, it Sjakriaba, stoar yn 'e njoggentjinde iuw út.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It etnonym 'Sjakriaba' wurdt yn it Portegeesk stavere as Xakriabá. Histoarysk kamen ek de staveringsfoarmen Xacriabá, Chakriaba, Chikriaba en Shacriaba foar. Yn 'e Brazyljaanske steat Bahia stiene de Sjakriaba foarhinne bekend as Acroás of Coroás, en yn 'e steat Piauí as Gamelas.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sjakriaba binne in lânseigen Yndiaansk folk dat besibbe is oan 'e oare Sjê-talige befolkingsgroepen út sintraal Brazylje. Neffens sifers út 2010 libben der doe 9.196 etnyske Sjakriaba yn 'e steat Minas Gerais.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn pre-koloniale tiid wiene de Sjakriaba nomaden sûnder dúdlik ôffrede wengebiet yn 'e delling fan 'e rivier de Tocantins, en by de rivier de São Francisco lâns, yn wat no de Brazyljaanske steat Goiás is. Yn 'e iere achttjinde iuw waarden de Yndianen yn dy kriten ôfslachte troch de Portegeeske kolonist Matias Cardoso de Almeida.
Letter twongen misjonarissen de stammen dy't dêr libben om missyposten fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke te bouwen. Dêrwei waard doe de kerstening fan 'e Yndianen organisearre. In stânbyld fan 'e hillige Jan fan de Yndianen (Portegeesk: São João dos Índios), yn ien fan 'e missyposten, ûntjoech him ta de beskermhillige fan 'e hiele regio en syn ynwenners.
Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw waarden de Sjakriaba oerbrocht nei Yndianereservaten (aldeias) op lân dat ta de oanbuorjende steat Minas Gerais kaam te hearren. Yn 1927 fûn dêr it earste grutskalige wapene konflikt plak tusken blanke Brazyljaanske feeboeren en de Sjakriaba. De boeren bouden stekken sadat se fee weidzje litte koene op 'e gerjochtichheid fan 'e Sjakriaba. Dêrop stieken de Yndianen de stekken yn 'e brân. De boeren reägearren dêrop mei geweld.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sjakriaba binne hjoed de dei allegearre ientalich Portegeesk. Harren eigen oarspronklike taal, it Sjakriaba, stoar yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw út. Dy taal hearde ta de Sjê-talen, in taalkloft dy't er ûnder de gruttere Makro-Sjê-taalfamylje falt.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de druk dy't histoarysk op harren útoefene is om har te bekearen ta it kristendom, hingje in protte Sjakriaba tsjintwurdich noch altyd harren foarâlderlike natoerreligy oan. In diel fan harren is lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, wylst oaren ta in protestantske denominaasje hearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |