Sint-Sampsontsjerke (Poltava)

Ut Wikipedy
Sint-Sampsontsjerke
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Poltava
plak Poltava
adres вулиця Швадська Могила, 32 (Vûl. Sjadska Mohyla)
koördinaten 49° 37' N 34° 07' E
Arsjitektuer
boujier 1852-1856
boustyl Russysk-byzantynske arsjitektuer
Kaart
Sint-Sampsontsjerke (Oekraïne)
Sint-Sampsontsjerke

De Sint-Sampsontsjerke (Oekraynsk: Сампсоніївська церква, Sampsonijiska Tsjerkva) is in otterdoks tsjerkegebou yn 'e Oekraynske stêd Poltava.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Peter de Grutte de Sweedske kening Karel XII fersloech by de Slach by Poltava, joech de tsaar opdracht om út tankberens foar de oerwinning in tsjerke op it slachfjild te bouwen. Dy tsjerke moast wijd wurde oan 'e yn 'e otterdoksy fereare hillige Sampson de Gastfrije, om't de slach wûn waard op 'e feestdei fan dy hillige. Yn Sint-Petersburch liet Peter de Grutte ek in oan deselde hillige wijde katedraal bouwe.

Ferwulft.

Alhoewol't de tsaar de bou dreau en der jild beskikber steld waard, duorre it noch oant 1852 dat der útein set waard mei de bou fan 'e tsjerke. De foltôging fûn plak yn 1856 en op 15 july fan dat jier fûn de wijing plak.

Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard de tsjerke fergrutte en ferboud neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt M. Nikonov. Yn it ramt fan it 200-jierrich jubileum fan 'e Slach by Poltava waard oan it begjin fan 'e 20e iuw noch in westlike klokketoer tafoege. Ek waard doe de houten ikonostaze ferfongen troch ien fan moarmer en it ynterieur op 'e nij beskildere.

Sint-Sampsintsjerke (2016).

De Sovjet-autoriteiten lieten de tsjerke yn 'e jierren 1930 slute en de klokketoer ôfbrekke, mar ûnder de Dútske besetting waard de tsjerke yn 1942 wer foar de earetsjinst iepene. Nei de kriich registrearren de Sovjet-autoriteiten op 8 desimber 1947 de parochy fan 'e tsjerke, mar al gau dêrnei yn 1949 waard de parochy wer ferbean yn it ramt fan in bestimmingswiziging fan it gebiet as museum. De tsjerke kaam leech te stean, waard brûkt om saken op te slaan en ferfoel, sadat de muorreskilderings yn 'e tsjerke foar in part ferlern gyngen.

Pas yn 1988 waard der wer in begjin makke oan 'e restauraasje fan de tsjerke. Sûnt april 1993 wurdt de Sampsontsjerke wer offisjeel troch de parochy foar de earetsjinst brûkt. Yn 2001 waard ek de ôfbrutsen klokketoer wer rekonstruearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: