Springe nei ynhâld

Sint-Anthonygasthûs (Grins)

Ut Wikipedy
Poarte Sint Anthonygasthûs (2009)
Binnenplak

It Sint-Anthonygasthûs is een gasthûs yn de stêd Grins. It leit oan de Rademarkt foar it haadburo fan plysje oer.

It gasthûs is stifte yn 1517. Der is gjin stichtingsbrief bekend, oan te nimmen falt dat it stifte is troch it stedsbestjoer. It lei oan de râne fan de destiidske stêd, tsjin de stedsmuorre oan. Dy lokaasje sil grif bewust keazen wêze, omdat it oarspronklik ek brûkt waard as pesthûs. Letter krige it kompleks oant 1844 ek de funksje fan dolhûs. In diel fan de ynkomsten kwam fan de stedsjers dy't sneins tsjin betelling nei de gekken of dollen kamen te sjen.

Nei 1844 waard it in gasthûs foar âlden fan dagen. Yn 1927 waard it kompleks noch útwreide. Tsjintwurdich binne de wenten beskikber foar alle leeftiden.