Sint-Andréasbasilyk (Arthunkal)
Sint-Andréasbasilyk
Basilica St. Andrew | ||
bouwurk | ||
De 20e iuwske basilyk | ||
lokaasje | ||
lân | Yndia | |
dielsteat | Kerala | |
plak | Arthunkal | |
adres | Cherthala South, Kerala 688530 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 17e iuw; 20e iuw | |
boustyl | Alde bou: barok; nijbou: neogotyk | |
offisjele webside | ||
Offisjele side |
De Sint-Andréasbasilyk (Ingelsk: Basilica St. Andrew) is in roomsk-katolike tsjerke yn Arthunkal yn de Yndiaaske steat Kerala. De oan de apostel Andréas wijde tsjerke hat de status fan in basilica minor en is bekend fanwegen de ferearing fan Sint-Sebastiaan.
Skiednis âlde tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt likernôch de 7e iuw libje der kristenen yn Kerala. Oarspronklik wiene dat de saneamde Tomaskristenen. Doe't yn de 16e iuw de Portugezen yn Yndia kamen yntrodusearren hja dêr it roomsk-katolisisme. Mei de Portugezen kamen ek de misjonarissen fan de jezuïeten. Hja troffen yn de kontreien fan Arthunkal in soad Tomaskristenen oan, dy't oars as harren foarfaars net doopt wiene. Sûnt 1560 hiene de kristenen en misjonarissen oan de kening permisje frege om in tsjerke te bouwen. Dy hie oare saken oan 'e holle en der kaam gjin tastimming. Mar fanwegen de help dy de kening krige fan de kristenen joech er yn novimber 1581 dochs tastimming om in houten tsjerke te bouwen. Noch deselde moanne waard de ienfâldige tsjerke wijd oan Sint-Andréus. De kening, dy't foar in part ek it boumaterjaal levere, kaam by de foltôging del om it gebou te ynspektearjen en hiet de fikaris om de tsjerke goed te ûnderhâlden as in hûs fan God.
Mei tastimming fan de kening mocht yn 1601, nei't Jacomo Fenicio yn 1584 beneamd wie as fikarus, de houten tsjerke ferfongen wurde troch in stiennen tsjerke. Jacomo Fenicio wie tige populêr ûnder de befolking, sawol ûnder kristenen as hindû's en krige de bynamme "apostel fan Arthunkal". Al by syn libben waard der as in hillige beskôge en nei syn dea yn 1630 wie de kloft minsken ûnbidich grut om him de lêste eare te bringen. Hy waard tichteby it alter yn de âlde tsjerke byset.
Fenicio's opfolger liet yn 1640 de tsjerke ferbouwe. Yn dy tiid kaam it mirakuleuze byld fan Sint-Sebastiaan út Milaan nei Ynje. It byld krige in plak yn de tsjerke en tal fan minsken kamen nei de tsjerke om dêr syn foarspraak ôf te smeken. Oan de ein fan de 18e iuw namen Karmeliten de taken fan de tsjerke oer fan de Jezuïeten. De tsjerke waard yn 1896 renovearre en yn 1902 waarden in nije klokketoer en in nij presbyterium foltôge.
Yn 1900 waard oan de westlike kant fan de âlde tsjerke de hjoeddeiske, krúsfoarmige tsjerke boud mei de gevel rjochting it strân. De bou duorre lang en pas sechtich jier letter waard de tsjerke yn 1967 ynwijd. Ek it mirakuleuze byld fan Sint-Sebastiaan krige yn de nije tsjerke in plak op in eigen alter. De âlde tsjerke waard net ôfbrutsen en stiet tsjintwurdich mei de klokketoer achter de nijbou út de 20e iuw.
Fanwegen it skiedkundige belang fan it gebou foar de Roomsk-Katolike Tsjerke ferliende paus Benediktus XVI yn 2010 de tsjerke de rang fan basilica minor.
Beafeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arthunkal waard ferneamd doe't yn 1647 it mirakuleuze byld fan de martler Sebastiaan út Itaalje oankaam. Net allinnne kristenen mar ek hindû's kamen nei it byld om, as hja troffen wienen troch in epidemy, genêzing te freegjen. Op syn feestdei ûntstie der in beafeart, dêr't minsken fan alle leauwen oan meidogge.
Op 20 jannewaris wurdt de grutte prosesje mei it byld fan de hillige Sebastiaan holden. It is it hichtepunt fan alle festiviteiten dy't tusken 10 en 27 jannewaris plakfine.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|