Simon fan Syrene

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fyfte staasje: Simon wurdt twongen it krús fan Kristus te dragen (Krúswei Stadtpfarrkirche, Leutkirch im Allgäu, Dútslân)

Simon fan Syrene (Hebriuwsk: שִׁמְעוֹן) wie neffens de trije synoptyske evangeeljes in man út Syrene (yn it hjoeddeiske Lybje), dy't ûnder de krúswei fan Jezus troch de Romeinen twongen waard om in diel fan de wei it krús te dragen.

Underdiel fan de straf wie dat de feroardielde sels it krús nei it plak fan eksekúsje sjouwe moast. Dit gebrûk sprekt tsjin dat Jezus tidens de krúsdraging help krige. De ferklearring dat Jezus wol help krige is dat de Romeinske soldaten der fan út gyngen dat Jezus fanwegen de eardere mishannelingen sa te'n ein rekke wie, dat hy sûnder help noch foar de krúsiging stjerre soe.

Yn de tradysje fan de krúswei wurdt it barren yn de fyfte staasje betocht.[1]

Bibelske beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mattéus 27:32: Doe't hja him fuortbrochten, troffen se in man út Syrene, dy't Simon hiet. Hy waard twongen om it krús fan Jezus te dragen.
Markus 15:21: Hja fergen fan in Simon út Syrene, dy't fan it lân ôf dêr foarbykaam, dat er it krús fan Jezus drage soe. Dy Simon wie de heit fan Aleksander en Rûfus.
Lukas 23:26: Doe't se Him fuortbrochten, holden hja Simon oan, in man út Syrene, dy't fan it lân kaam. Se leinen him it krús op om it achter Jezus oan te dragen.

Simon kaam fan Syrene, in plak yn it noarden fan Afrika yn it tsjintwurdige Lybje. Syrene wie yn dy tiid in Grykske stêd mei in grutte joadske mienskip en in ier sintrum fan it kristendom. De joaden fan Syrene hiene in synagoge yn Jeruzalim, dy't op heechtijdagen in protte besocht waard.

It neamen fan de "de heit fan Alexander en Rûfus" yn it evangeelje fan Markus jout de yndruk dat de soannen fan Simon kontakten hiene mei de skriuwer fan it evangeelje. De namme Rûfus komt ek foar yn Romeinen 16:13 (De groetenis oan Rûfus, dy treflike kristen, en oan syn mem, dy't foar my as in mem west hat) en as dizze by de apostel Paulus bekende Rûfus deselde Rûfus is as yn it evangeelje fan Markus, dan kin opmakke wurde dat teminsten ien fan Simon's soannen en in part fan de famylje harren ta de earste kristenen rekkenen.

Yn 1941 waard der yn de delling fan Kidron eastlik fan Jeruzalim in grêfplak troch de Israelyske argeolooch Eleazar Sukenik iepene fan joaden út Syrene út foar de tiid fan it jier 70 nei Kristus. Op ien fan de oantroffen sarkofagen stie yn it Arameesk: Aleksander fan Syrene en yn it Gryksk: Aleksander, soan fan Simon. Alhoewol't it net wis is, kin it likemin útsluten wurde dat it hjir om deselde persoan giet as de Aleksander yn Markus 15:21.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.kruisweg.nl/statie05.htm
  2. Discoveries from Bible Times: Archaeological Treasures Throw Light on the Bible, Alan Millard, bl. 293