Springe nei ynhâld

Sikke Sjaerdema

Ut Wikipedy

Sikke Sjaardema (-1260) is in legindarysk Fryske frijheidsstrider. Hy wurdt yn guon wurken neamd as achtste potestaat fan Fryslân.

Sikke, Sikko of Sicka Syarda soe fan Drylts komme, by guon yn it Latyn Elostoe neamd, en soe yn 1237 ta potestaat keazen wêze as de opfolger fan Saco Reinalda, in oar persoan dêr't it bestean net wis fan is. De Hollânske greve Willem II bea Sikke de (erf-)hearskippij oer de Fryslannen oan, dy't dat oanbod ôfwiisde. Sjoch de link foar it brief.

Grootmagtige Koning! Wil u niet te vergeefs vermoeijen; meent gij dat ik, om mij en mijn geslacht te verheffen, een verrader wil zijn, en de nakomelingen van die vrijheid berooven, welke onze Voorouders boven alle goederen geschat hebben ? Verre zij van mij een geldgierig en oneerlijk hart! Vaarwel! En wil mij met uwe brieven niet meer begroeten in dier voege, want ik wil na dezen geene van u ontvangen. Uit onzen huize Sjaardema den 9 augustus 1239.

Omtrint it jier 1250 krige Drylts troch Sikke Sjaardema en de Steaten fan it lân de "stedelijke voorregten" dus stedsrjochten.

It famyljewapen is in blau fjild mei lofts in heale Frânske leelje, yn 'e midden in pylk omheech, rjochtsboppe in Frânske leelje en rjochtsûnder trije seispuntige stjerren.

Petrus Thaborita skriuwt oer him as Sickes Syarda dy't yn syn "regnacie" ien kear in slach leverje moast. Yn 1250 falt Abel, "Koninc van Noertweghen" oan yn East-Fryslân. De Friezen deadzje de Kening en in soad fan syn manskippen. Petrus hie it hast goed; it krekte jier is 1252 en dy kening wie Abel fan Denemark.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]