Sijbrandus Hellinga Tonckens
Appearance
Sijbrandus Hellinga Tonckens (Smilde, 3 desimber 1821 - dêre, 16 maart 1882) wie in Nederlânsk boargemaster.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tonckens wie in soan fan lânbouwer en wethâlder fan Smilde Elzo Tonckens en Elisabeth Reinders Nijensikkinge. Hy wie in pakesizzer fan Joachimus Lunsingh Tonckens, eigner fan Hûs te Westerveld of de Tonckensborg. Hy studearre rjochten oan de universiteit fan Grins en promovearre dêre yn 1847. Twa jier letter waard er beneamd ta boargemaster fan Odoorn [1]. Hy ferfolde dat amt 25 jier oant 1874. Fan 1858 oan it jier fan syn ferstjerren 1882 wie er lid fan Provinsjale Steaten fan Drinte [2].
Tonckens boaske 26 febrewaris 1852 yn Odoorn mei de dêr berne Hinderkien Huizingh, dochter fan de lânbouwer Harm Huizingh en Jantien Roosingh.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|