Sigersdjip
Appearance
It Sigersdjip is in feart op de grins fan de gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel. De feart leit by de Princenhof fan Earnewâld. Yn noardwestlike rjochting hjit it wetter Lange Sleat en nei it súdeasten hjit it wetter de Fokkesleat.
De namme Sigersdjip jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Siegersdiep.