Springe nei ynhâld

Sidewise Award for Alternate History

Ut Wikipedy
Sidewise Award for Alternate History
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar alternate history-literatuer
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1995
offisjele webside
www.uchronia.net/sidewise/

De Sidewise Awards for Alternate History ("Sydlingse Prizen foar Alternative Skiednis"), ek wol koartwei de Sidewise Awards neamd, binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn 't jier útrikt wurde foar de bêste boeken en ferhalen op it mêd fan 'e alternate history. Dat is in subsjenre fan 'e science fiction dat him konsintrearret op 'e feroare rin fan 'e skiednis troch ien krúsjaal histoarysk feit te feroarjen of wei te litten. De prizen waarden yn 1995 ynsteld, en binne ferneamd nei it koarte ferhaal Sidewise in Time út 1934, fan Murray Leinster.

De winners fan 'e Sidewise Awards wurde útornearre troch in sjuery fan ekspêrs dêr't yn it ferline behalven Amerikanen en lju út it Feriene Keninkryk en Súd-Afrika diel fan útmakke hawwe. De útrikking fan 'e prizen fynt yn 'e regel plak op 'e World Science Fiction Convention, de "Wrâldkonvinsje fan 'e Science Fiction". Ornaris giet it dêrby om twa prizen: ien foar koarte fiksje (koarte ferhalen, koarte novelles, novelles en koarte romans ûnder de 60.000 wurden) en ien foar lange fiksje (langere romans en romansearjes). As se dêr oanstriid ta fiele, stiet it de sjueryleden frij om dêrnjonken ek noch in Special Achievement Award ("Spesjale Priis") ta te kennen foar in wurk of wurken dy't datearje fan foar't de Sidewise Award ynsteld waard. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.