Springe nei ynhâld

Siboarium

Ut Wikipedy

In siboarium (Latynsk: ciborium, drinkbeker, meartal: siboaria) is in op pylders rêstende opbou oer in alter fan in tsjerkegebou. De funksje fan in siboarium is beskerming te jaan oan it ûnderlizzende alter, grêf of in skryn. Dêrnjonken lûkt in siboarium it omtinken fan de besiker nei it wichtichste plak yn in tsjerke, it alter. In siboarium (of baldakyn) kin fan hout, metaal of stien wêze.

De âldste fermelding fan in siboarium boppe it alter giet werom op de 4e iuw en de oarsprong leit yn Rome. Yn it suden fan Europa, benammen yn Itaalje, komt in siboarium regelmjittich foar yn gruttere tsjerken, yn Noard-Europa is dat folle minder faak it gefal.

Yn de tiid fan de renêssânse en de barok waarden siboaria jimmeroan grutter en pronksker en koene se de foarm fan in kapel oannimme.

Tige bekend is Bernini's siboarium yn de Sint-Piter yn Rome.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: