Springe nei ynhâld

Sibille Attar

Ut Wikipedy
Sibille Attar

Sibille Attar (Örebro, 27 novimber 1981) is in Sweedske sjongster fan Frânsk komôf.

Attar waard berne yn Örebro en ferhuze doe't se 15 wie nei Stockholm. Se wie lid fan ferskate muzikale bands, wêrûnder de yn Stockholm fêstige band The Tourettes fan 2001 oant 2008, en de yn Norrköping oprjochte band Speedmarket Avenue fan 2005 oant 2009.

Yn 2010 waard se lid fan de band [ingenting]. Se is ek aktyf ûnder de namme Little Red Corvette. Attar hat opwurke mei tal fan oare artysten lykas Camera Obscura, David Lindh, Jonathan Johansson, Shadow Shadow en The Bear Quartet.

Se ûntfong de SKAP's Poppriis 2019 en TCO's Kulturstipenium 2022. Yn 2021 kaam it album A History of Silence út op PNKSLM Recordings, en dat krige loovjende kritiken. Yn 2022 komponearre se muzyk foar in Dramaten-produksje mei Wounded Angel. It stik en de komposysje waarden goed ûntfongen.

  • 2012 – The Flower's Bed
  • 2013 – Sleepyhead
  • 2018 – Paloma's Hand
  • 2021 – A History of Silence
  • 2022 - Lost Tracks 2012-2022

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]