Searp Galama
Appearance
(Trochferwiisd fan Seerp Galama)
Searp Galama (Koudum, 23 oktober 1528 - Mantgum, 22 jannewaris 1581) soan fan Geale Hartmans Galema (1499-1559) en Foek fan Hoxwier (1495-1554), wie in ealman dy't op Hokswier wenne.
Hy wie lid fan it Ferbûn fan de Eallju. Yn 1564 boaske er oan His van Bothnia. Hy fersette him tsjin de Spaanske oerhearsking en focht yn de Slach by Jemmingen; dêrom waard er yn 1568 troch Alva ferbanne en wenne er in skoft yn Emden. Yn 1576 kaam er werom op Hokswier en waard in jier letter grytman fan Barradiel en lid fan Deputearre Steaten.
Galama syn grêf (mei portret) is yn de tsjerke fan Mantgum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Galema-Seerp. |