Springe nei ynhâld

Seedelsbierich

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sedelsbierich)

Seedelsbierich ek Seeidelsbierich, Sedelsbierich af Säidelsbierich (Dútsk: Sedelsberg) is in doarp yn it suden fan it Sealterlân mei 2.907 ynwenners (juny 2006). Ta it doarp wurde ek de buorskippen Seedelsbierich-Kolonie, Hällene I en Hällene II, Fäärmesound, Heeselbierich en Muddebierich rekkene.

It doarp is om 1810 hinne ûntstien as in buorskip fan Skäddel, en hearde ek ta dy gemeente, oant it 1 maart 1974 by de nije gemeente Sealterlân kaam. Der wurdt lykwols net folle Sealtersk praat, om't der nei de Earste Wrâldkriich in soad lju út Pommeren te wenjen kamen. Trochdat der yn twadde helte fan 20 iuw ek lju út 'e noardliker doarpen hinne ferfearen en om't it al ta de gemeente Skäddel hearde, wurdt it no ek kultureel beskôge as part fan it Sealterlân. Oan de westkant fan Seedelsbierich leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie.

De namme komt faaks fan Seedel-bierich: in berch mei in delsetting.

Sealterfryske strjitnamme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oolde Seeidelsbierich (bewenne berch of terp)