Screen Actors Guild Award
Screen Actors Guild Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | treflike aktearprestaasjes yn films en op 'e tillefyzje | |
útrikt troch | SAG-AFTRA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | ein jannewaris | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) | |
ynsteld | 1995 | |
1e útrikking | 1995 | |
offisjele webside | ||
www.sagawards.org |
De Screen Actors Guild Awards (letterlik: de "Filmakteursgildeprizen"), of ek wol de SAG Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar treflike aktearprestaasjes op it mêd fan film en tillefyzje. Sûnt de ynstelling, yn 1995, hat de útrikking fan dizze prizen, dy't ein jannewaris yn Los Angeles holden wurdt, him ûntwikkele ta ien fan 'e jierlikse hichtepunten fan 'e filmyndustry fan Hollywood.
Nominaasjes komme fan twa kommisjes, ien foar films en ien foar tillefyzje, elts besteande út 2.100 leden, dy't elts jier op 'e nij op willekeurige basis keazen wurde út it 165.000 man grutte lidmaatskip fan 'e Screen Actors Guild-American Federation of Television and Radio Artists (SAG-AFTRA). Neitiid wurde út dy foarseleksje de winners útornearre troch in stimming ûnder alle leden. Sûnt 1998 wurdt de útrikking fan 'e Screen Actors Guild Awards rjochtstreeks útstjoerd op it Amerikaanske tillefyzjekanaal TNT, en sûnt 2007 ek op 'e stjoerder TBS.
Kategoryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Filmprizen
- treflike prestaasje fan in akteur yn in haadrol
- treflike prestaasje fan in aktrise yn in haadrol
- treflike prestaasje fan in akteur yn in byrol
- treflike prestaasje fan in aktrise yn in byrol
- treflike prestaasje fan in cast yn in spylfilm
- treflike prestaasje fan in groep stuntlju yn in spylfilm
- Tillefyzjeprizen
- treflike prestaasje fan in akteur yn in komeedzjesearje
- treflike prestaasje fan in aktrise yn in komeedzjesearje
- treflike prestaasje fan in akteur yn in dramasearje
- treflike prestaasje fan in aktrise yn in dramasearje
- treflike prestaasje fan in akteur yn in tillefyzjefilm of minysearje
- treflike prestaasje fan in aktrise yn in tillefyzjefilm of minysearje
- treflike prestaasje fan in cast yn in komeedzjesearje
- treflike prestaasje fan in cast yn in dramasearje
- treflike prestaasje fan in groep stuntlju yn in tillefyzjesearje
- Spesjale prizen
- Screen Actors Guild Life Achievement Award (oeuvrepriis)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|