Springe nei ynhâld

Scoutingunifoarm

Ut Wikipedy
Scoutingunifoarm

By Scouting is it al sûnt har oprjochting de gewoante in unifoarm te dragen by byienkomsten. It doel fan it unifoarm is der foar te soargjen dat eltsenien gelyk oan mekoar is. It unifoarm sa as dat yn Fryslân droegen wurdt is neffens de gewoanten fan Scouting Nederlân, al wurdt der wol faak in Frysk tintsje oan jûn.

It unifoarm hat syn oarsprong yn it leger. De opsetter fan Scouting, Robert Baden-Powell woe in praktyske foarm fan klean ha foar syn ‘spul fan ferkennen’. Nei it útprobearjen fan ferskate soarten klean kaam hy út op in kaky boesgroentsje mei oprôle mouwen, in koarte broek en de hoed mei fjouwer dûken. In oanpaste ferzje fan it unifoarm sa't hy dat droech mei de Boerekriich yn Súd-Afrika.

It boesgroen is it wichtichste gedielte fan it unifoarm, allinne it oerhimd wurdt faak al sjoen as it unifoarm. Foar de ferskate leeftydskategoryen binne der boesgroentsjes yn in oare kleur.

Sa drage de Esta’s in grien boesgroen, de Skouts in bêzje en de Eksplorers in reade. Wetterskouts drage in blau boesgroen.

De sjaal ferskilt mei de groep, elke groep hat har eigen kleuren en ûntwerp, faak nei it wapen of flagge fan wêr’t se wei komme.

Der is in grut ferskaat oan ynsynjes.

Sa binne der ynsynjes dy’t je fertsjinje moatte, mar der binne ek ynsynjes dy’t wat sizze oer wêr’t de skout wei komt. Yn Fryslân is it de gewoante fan in soad skouts om in ynsynje fan de Scouting Regio Fryslân te dragen, mar ek in ynsynje yn de foarm fan de Fryske flagge. Dizze wurdt dan op de rjochter boarst droegen neist de Jeropeeske en Nederlânske flaggen en tsjin de foarskriften yn oan de meast linker kant, sadat er it tichtst by it hert sit.

Ek binne is der foar eltse leeftydskategory in eigen ynsynje dy’t de kategory oanjout. Fierders is der foar eltse ynstallearre skout it ynstallaasjeteken.

De hoed is in hast útstoarn objekt foar Scouting yn Fryslân. Der binne gjin groepen (mear) dy’t it as in offisjeel stik fan it unifoarm sjogge. Wol wurdt de hoed droegen troch sommige lieders en kaderleden, nei gewoanten fan Scouting Nederlân of ien fan de âldere scoutingferieningen mei bygelyks hoedplaten en –kwastkes.