Springe nei ynhâld

Scotland Yard (boerdspul)

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it boerdspul Scotland Yard. Foar oare betsjuttings, sjoch: Scotland Yard.
Skematysk netwurkdiagram foar Scotland Yard (Milton Bradley ferzje)

Scotland Yard'is in asymetrysk boerdspul, makke troch in groep fan ûntwerpers, yn 1983 útjûn troch Ravensburger. Yn 1985 joech Milton Bradley in 1985 in ferzje foar de Amerikaanske merk út. Wylst oarspronklik de makkers net oanjûn waarden, binne yntusken Werner Schlegel, Dorothy Garrels, Fritz Ifland, Manfred Burggraf, Werner Scheerer en Wolf Hoermann neamd.

Ien spiler spielt Mister X, in misdiediger op 'e flecht. De oare spilers binne de speurders fan Scotland Yard, dy't tegearre besykje út te finen wêr't X krekt is. Lykwols witte hja allinnich wêr't X earder iepenbier ferfier brûkt hat, mar net krekt wêr't er hinne gongen is. Ut en troch moat X sjen litte krekt wêr't er is, mar oarsom kin er swarte kaartjes brûke dêr't de speurders hielendal net fan witte wat der bart. At in speurder útkomt op in stasjon dêr't X is, dan hawwe de speurders wûn. At de speurders op it lêst al harren kaartsjes foar iepenbier ferfier opbrûkt hawwe, mar hja X net fûn hawwe, dan wint X.

Yn de rin fan de tiid binne de regels wolris wat oanpast, ûnder oaren om't de kaart fan it spul wat ôfwikings hat fan it wiere London. Ek binne de ferzjes fan Milton Bradley net krekt itselde as dy fan Ravensburger. Fierders binnen der ek ferzjes fan it spul foar ûnder oaren Tokio, foar New York en foar Switserlân. It ferskinen fan digitale fersjes fan it spul hat it tal fan mooglikheden ek grutter makke.

Scotland Yard waard yn 1983 wurdeare as Spiel des Jahres.